boule en ite mei freonen of kollega's

Bist oan'e gong mei it organisearjen fan in útstapke foar in groep kollega's, freonen of famylje. En sikest in noflike lokaasje wêr't jim in leuke, soargelease tiid hawwe kinne. BOEL is de ideale plak wêr't je as groep boule, ite, drinke, leitsje, fergaderje en noch folle mear kinne.

Freegje in offerte oan

We hawwe spesjale BOEL arrangementen foar groepen fanôf 10 persoanen. Bist mei minder mensen; gjin soargen, reservearje dan fuortendaliks in baantsje. Benijd nei de kosten & mooglikheden? Freegje in offerte oan!

iN boEl MoogliKhedeN

Fan saaklike meeting oant bachelorparty

By ús kin in hiele boel. Grut, lyts, koart, lang, saaklik, privé; de mooglikheden binne sûnder ein. Kom by ús boulen!

  • Personielsfeest
  • Fergadering
  • Frijgesellefeest
  • Vrijmibo's
  • Teambuilding
  • Meetups
  • Jierdei
  • Bernefeestje
  • Brulloft
  • Dyn barren?

iTe en dRinKe

Streetfood, cocktails & speciaalbier

BOEL hat in eigen foodcourt en bar. We servearje it beste streetfood fan Fryslân en mei 5 spesjaalbieren op'e tap, 15 yn'e flesse en in útwrykse cocktailkaart sit it kwa drankjes ek wol goed. We dogge der alles oan om groepen sa fleksibel mooglik te caterjen wêrtroch der in hiel soad besprekber is.

jEu-de-bouLeN

jeu de boules: de basis fan alles

By BOEL draait it om jeu de boules, mar we ferplichtsje dy fansels net om te boulen. De romte is ek tige geskikt foar teamdagen, kreatieve sittings (bist kreatiever ast ballen goaist. Wittenskippelik bewiisd tinke wy, noch even ûndersyk derby sykje 😉 Romte genôch, rom 400m2.

Alles kiN, nEat moaT

Mooglikheden sunder ein by BOEL.

Op syk nei mear ynfolling as iten, drinken en ballen goaie? Gjin soargen, wy ûntfange in soad groepen en tinke graach mei dy mei. Tink oan bierpriuwerijen, jeu-de-bouleclinics, alles.

we’re having a ball

HashTag boelleeuwarden

is de groep lytser as 10 persoanen?

Reserveer je baan